It nijs ûnder en boppe de sinne

Hessel Miedema (1929-2019)

dit wurde de sangen sjoch wij dodekafonysk
hwant wij binne it nijs ûnder en boppe de sinne
forwaermje de wrâlden mei ús fuotsoallen
bifolkje de skilen fan ‘e ierde
 
kyrieleis ûnder de tsjinakseljende skaden fan ús foarfaers
wij dolden ús djippe gatten yn ‘e groun ierde better net to witten
ieten ús oan bittere hôfapels nea sêd
wachtsje net ôf mar ploegje de matearje koartseftich
Uit:  Hessel Miedema, De greate wrakseling, 1963