Keunstmjittige yntelliginsje en de klean fan ’e skriuwer
Sa’t yn it mearke fan Andersen de oplichters de keizer oertsjûgje harren nepgewaad te dragen, kin Keunstmjittige Yntelliginsje de rol fan de tradisjonele skriuwers en auteurs bedriigje. As KY-systemen hieltyd mear avansearre wurde en by steat binne om heechweardige literêre wurken te produsearjen, kin dit liede ta de fraach oft minsklike auteurs noch wol nedich binne. It kin liede ta in ferskowing yn ’e machtsferhâldingen binnen de literêre wrâld en de fraach oproppe oft minsklike kreativiteit en orizjinaliteit noch wol fan belang binne.
It boppesteande is de earste alinea fan in tekst dy’t generearre waard troch ChatGPT, as antwurd op myn fraach hoe’tst in essay skriuwe kinst mei boppesteande titel. Der folgen noch in pear nijsgjirrige alinea’s mei arguminten foar beide kanten fan it ferhaal, útrinnend op in ôfwage einoardiel. Ik wie ferbjustere en frege my ôf wat ik hjir noch oan ta te heakjen hie. Dit komt sa net goed, tocht ik. Der komt in dei dat de Rely Jorritsma-priis wûn wurdt troch in debutearjende robot dy’t in prachtich gedicht yn it Frysk skreaun hat.
Wat sille dizze ûntwikkelingen betsjutte foar de literatuer yn it algemien en de Fryske literatuer yn it bysûnder? Mei alle mooglikheden foar in tekst, dy’t mei ien druk op ’e knop te generearjen binne, beheart ek plagiaat of auteursrjocht mei gauwens ta it ferline. Wa’t in bytsje tûk omgean kin mei in programma as ChatGPT, lit dy masine al syn teksten skriuwe en soarget dêrnei dat de meganyske skriuwstyl fan dy robot ûnwerkenber bliuwt foar de lêzer.
Yn dit essay wol ik my net oerjaan oan in modieuze foarm fan doemtinken en in apokalyptysk takomstsenario sketse foar de literatuer. Ik wol ek net de loftrompet opstekke oer de nije mooglikheden dy’t dit foar skriuwers biedt. Der is beslist wol wat reden ta soarch, mar der komme ek nije perspektiven yn byld.
***
Het gehele artikel is te lezen in het nieuwste nummer van het Friese tijdschrift Ensafh, dat gisteren is verschenen. (Zie: HIER)